Ynformaasje oer de tocht fan 2023
De 11e edysje fan de tocht der tochten yn in sylboat sil sa't it no liket yn it wykein fan 2 oant 5 juny plakfine. Wy sile dan wêr mooglik de reedridersrûte fia Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum, Ljouwert, Snits, Drylts en dan wer nei Heech ta. Mocht it kwa wynrjochting handiger wêze om dit tsjin de klok yn te dwaan dan kin dat fansels ek.
Wat moat der mei?
Jim binne dêr fansels foar in grut part frij yn. De ynfentaris fan de hierpolywikels is by de measte ferhierders aardich tarikkend. Wol kin it handich wêze en freegje om in pear ekstra peddels en faaks in ekstra boom. Dêrneist is it yn it tsjuster ferplicht om in wyt rûnom skinend topljocht te fieren en dêrneist moat der in bûslampe oan board wêze om eventuele oare boaten oanseine te kinnen by kâns op oanfarrings. Foar de feiligheid kin it handich wêze om foar elk in swimfest mei te nimmen. Dêrneist kin it ferstandich wêze om in reflektearjend feiligheidsfest oan te dwaan tidens it jagen.
Iten en drinken
De organisaasje soarget net foar iten en drinken. Jim kinne alles mei oan board nimme mar it is ek tastien om ûnderweis wat te keapjen. Ek is it mooglik om troch minsken iten en drinken nei de boat ta bringe te litten. It slagget fansels net altyd om mei in auto yn de buert fan de boat te kommen.